IENFÂLD EN FREONSKIP

Kafee Lingsma op ’t Easterein wie foar de Koartsweachsters hiel wichtich, want dêr metten se inoar regelmjittich by feestkes en partijkes. Grôtfol siet it dêr as de toanielferiening “Ienfâld en Freonskip” har útfieringen joech en meastal waard dan de skowand nei twa kanten taskood, sadat de foar- en efterseal ien gehiel foarmen.Op de woansdeitejûn foar de twa útfieringen op saterdei- en sneintejûn gie de jeugd boppe de tsien jier massaal nei de generale repetysje. Dy jûnen heuge my noch hiel goed, want dan koest hast net leauwe dat de minsken op it toaniel deselden wiene dysto middeis noch op ‘e dyk sjoen hiest! Se seagen der net allinne oars út, mar har hâlden en dragen wie ek oars.   


Yn it tsjuster de dyk op wie al it bisûndere begjin fan de jûn foar ús. Fansels wiene wy fierste betiid, mar tikkeboartsje yn ’t tsjuster wie ek moai. Ynienen stiene wy dan foar de syddoar as dy iepengie. Der wiene trije tagongen: de foardoar (1), de dûbele doaren oan ‘e sydkant en fia de doar fan de skuorre koest ek noch troch de doar neist it toaniel. De skuorre hie ek noch twa grutte banderdoarren oan de efterkant, dêrst komme koest oer in breed sânpaad by ’t Weike wei. Dêr gongen Lammert en Tinus Dijkstra lâns as sy harren molk- en iiskokarren yn de skuorre stâlen.   

Myn debút as toanielspieler makke ik yn de seisde klasse by de âlderjûn. It fertrouwen fan master Wapstra yn myn akteartalinten wie net grut, want ik krige mei noch in tal jonges in kabouterpak oan en hoegde allinne mar te figurearjen. Twa kear spile ik by “Ienfâld en Freonskip”, û.o. mei Hindrik, Tinus, Annigje, Wiebe en Syts (sjoch 2), minsken, dy’t ik as jonkje noch sa bewûndere hie as spilers. It stik, dêr’t ik yn debutearre, hjitte “Kain” en ik spile in hiel leave jongfeint, dy’t yn it stik fereale rekke op Minke Wiersma . Mar o, wat gie my it tútsjen foar sa’n sealfol minsken min ôf!     

Op foto 2 út begjin sechtiger jierren steane f.l.n.r. Hendrik “Bras” Veenstra, fr. Veenstra-Wedman, Syts van der Meulen-De Jong, Sytske de Vries, Eddy van der Meulen, Geartsje Stoelwinder en grimeur Anne van der Muur. Yn ‘e midden Froukje Slof en Annigje Dijkstra-Kluitenberg en foaroan f.l.n.r. Jelle Stoelwinder, Wiebe Lageveen, regisseur Hieke Teyema-Kussendrager en Tinus Dijkstra.

 

Bron: http://gorredijkhistorie.nl/index.php/nl/page/view/357